i.m. Foeke de Jong
Femylje, jimme sille it kwalik leauwe tink ik, mar by ús thús komt Foeke de Jong noch minstens in kear as wat per wike lâns, dan hawwe wy it oer him. Net sa frjemd at jimme witte dat wy, Anny en ik, sa’n 15 jier foar en foaral mei him wurke ha. Wy diene de p.r. foar Heemstra State, foar Foeke dus, want Foeke wie Heemstra State en letter Skewiel Trynwâlden. Wy hawwe him kennen leard as in man mei in fyzje, eins wie Foeke in filosoof, hij hie ideeën dy’t yn de wat behâlden soarchwrâld revolutionêr wiene. Dat spruts ús tige oan en wy fine noch altyd dat wy by Heemstra State en Skewiel Trynwâlden ‘in gouden tiid’ hân ha. Foeke hie hierskerp foar eagen wat ‘er woe, hij woe yn feite ôf fan it âlderwetske systeem fan ‘elke âldere yn in bejaardenhûs’. It wurd bejaarde, mochten wy út noch yn net brûke yn de teksten en ferhalen dy’t wy foar him skreaun ha. Like min as it wurd ‘gesellich’, dêr wie Foeke allergysk foar. At it wolwêzen wer ris kaam mei ‘wy organisearje in gesellige middei’, dan bitste Foeke: “Dat meitsje dy minsken sels wol út.” Hy wie mei syn plannen fernijend en rjochtingjaand yn de soarchwrâld, it hat him grutte bekendheid en in protte wurdearring opsmiten. Wy hawwe hiel wat op reis west om al dy prizen op te heljen. Wy krigen ek in bulte minsken oer de flier dy’t sjen woene wêr’t wy mei dwaande wiene en hoe at wy dat foarelkoar krigen. Wy koene tige goed mei him troch de bocht en wy hawwe hiel wat oeren sitten te filosofearjen at der wer in ferhaal as in innofaasje nei bûten ta moast. Wy hiene mei syn allen hiel wat by d’ein. Wat hawwe wy net in gasten hân, út hiel Nederlân, mar ek út allerhande bûtenlannen. Earst die Foeke dy rûnliedings allegearre sels, mar letter mochten wy it dwaan en dat wiene altyd hichtepunten foar ús, al dy kontakten mei minsken út de soarch, mei beliedsmakkers, mar ek mei de minsken fan de wurkflier. Sa’t ik sei, in gouden tiid. Wy hawwe sels in pear kear op harren hûs past, dêr oan de Moark yn Aldtsjerk, at Foeke en Wil mei fekânsje wiene. En, net te ferjitten, wy hawwe de foto’s makke fan de trouwerij fan Foeke en Wil yn it tsjerkje fan Aldtsjerk. Dat wie fansels in hiel ochheden, sa at Foeke fan in hiele protte dingen in ochheden meitsje koe. Ik kom noch regelmjittich yn de Trynwâlden en at ik lâns Heemstra State ryd, de namme Skewiel is spitigernôch alhiel ûnder it kleed fage, dan moat ik eltse kear wer tinke oan hokker prachtige tiid wy hjir hân ha. En ek at ik mei minsken út dy tid praat, hawwe wy it dêroer. Mar fansels ek oer hoe ivich sûnde at it is dat der fan de oarspronkelike ideeën fan Foeke eins neat oerbleaun is. Op in bepaald stuit is Skewiel Trynwâlden ten ûnder gien oan syn eigen súkses en Foeke hat dat net keare kinnen. Dat hat him bot oangrepen, mar fan it lêste part fan syn libben hawwe wy mar sidelings wat meikrigen. Dat it net goed mei him gong wie dúdlik. Dochs skrokken Anny en ik doe’t wy de adfertinsje yn de Ljouwerter Krante lêsden. Mar ik tink, ik wit hast wol seker dat wy it noch faak oer him hawwe sille, ûnder iten, as ûnder de kofje en lyk as dat giet mei sokke dingen: wy sille altyd dy prachtige dingen ûnthâlde. Wy sille it altyd as in foarrjocht beskôgje dat wy him kennen leard ha.
Wy winskje jim in protte sterkte ta!
Anny en Binne Kramer
Mounepaed 6 9262 nE Sumar
Meer
Toon minder